• NextPrevious

De frou yn 'e flesse

Bekijk alles van

Anne Wadman

Kies uitvoering
Aantal 1
6.5
Direct te downloaden

Samenvatting

Samenvatting
Yn De frou yn 'e flesse, Wadman syn fyftjinde roman, foarmet foar it earst in middelskoalle de eftergrûn fan it ferhaal. Sintraal steane Janneke Brouwer, in learares fan fiifentritich jier, in oankommend Frysk skriuwster, en Joop alias Jip Koster, in eineksamenkandidaat fan njoggentjin. Jip hat oare takomstplannen as wat syn heit, in ferneamd musikus, mei him foar hat. Janneke en Jip skriuwe om en om in haadstik, Janneke yn it Frysk yn har oantekenboek, Jip yn it Nederlânsk yn brieven oan syn mem yn it bûtelân. Op 'e eftergrûn spylje behalve de heit ek oaren in rol, bygelyks Jip syn mem en Janneke har freondinne, de lesbiennne Justine. Allegear krije se yn it jier dat de roman beslacht in krisis yn har bestean te ferwurkjen. Ek it lot fan de Fryske taal komt yn dizze roman op it aljemint. Wat de literêre foarm oangiet, siket de skriuwer yn dizze roman nei nije wegen. Dizze twadde printing is in werútjefte fan de earste út 1988. Wa't der gjin parody yn sjen kin, of wol, op it modieuze sjenre fan de `skoalleroman' ('t Hart, Siebelink, Abma) kin it boek ek lêze as it boeiende ferslach fan in frou op in kearpunt yn har libben: yn de flesse sitten bliuwe of derút. Tsjerk Veenstra yn Frysk en Frij Yn de roman lit Wadman wer ris sjen dat er in fakman is. Rients de Boer yn it Friesch Dagblad
Lees meer...

Productinformatie

Auteur
Anne Wadman
Uitgever
TDE
Taal
Westerlauwers Fries
ISBN
9789089544100
Productsoort
eBook
Uitvoering
eBook
Categorie
BoekenWesterlauwers Friese boekenLiteratuur & RomansLiteratuurNederlandse literatuur
Leeftijd
Volwassenen
Verschijningsdatum
3/5/2012
Aantal pagina's
193
Formaat
0 x 0 x 0
Lees meer...

De nieuwste eBooks

Bekijk alles Ontdek de nieuwste eBooks van dit moment. Zo mis je niets.

Laatst bekeken