In soarte fan bûgjen
Fries
161
7.50

Direct downloaden

Nei dy iene dei, doe't Elske my it nijs dien hie, ferskeat it sêfte giel nei blau, in hiel ljocht, sulvereftich blau: winterblau of iisblau - in oar wurd ha'k der net foar. Iispegeltsjedagen wiene it foar ús, it blauwe fan in wintermoarn as de sinne noch even neat te sizzen hat, mar him alwol oankundiget. Elske krige sûnreade wangen en in wat tsjokkere kop. Sa moai hie se net earder west. Ik wie op 'e nij fereale, ik koe my net yntinke dat der ea noch in oare tiid komme soe as ús blauwe perioade. Poëtysk, humoristysk, absurdistysk en soms mei in hast wat makabere ynslach. De ferhalen fan Geert Nauta, bondele yn dit boek, jouwe in bysûndere skets fan it minsklik ferlet en tekoart. De subtile satire en de gauris ûnferwachte selskennis fan de haadpersoanen meitsje it lêzen fan dit boek ta in apart, ferrifeljend en meinimmend aventoer.

0 | 0

  • : Geert Nauta
  • : Elikser B.V. Uitgeverij
  • : 9789463650779
  • : Fries
  • : eBook
  • : 161
  • : juli 2018
  • : 1
  • : 1 x 1 x 1 mm.
  • : ePub met digitaal watermerk - 2
  • : Fictie: algemeen en literair; Kortverhalen