• NextPrevious

It geloksbern

Bekijk alles van

Hilda Talsma

Kies uitvoering
Aantal
18.95
Binnen 3 tot 5 werkdagen in huis

Samenvatting

Samenvatting
As Betty nei in skoft yn it sikehûs wer thúskomt, wol se earst neat fan Evert en har dochter Ymkje witte. Se hat slim lêst fan skuldgefoel èn fan har ferbrânde earm, dy't noch net goed genêzen is. Elske besiket har wat op te fleurjen en ek har oare freonen dogge der alles oan har te helpen. Betty begjint pas echt op te libjen as se tegearre mei har âlde leafde Hindrik in konsert fan De Hûnekop organisearret. Se komt swier ûnder de betsjoening fan Emiel, mei in stim dy't like rau en rûch is as de sjonger sels. Betty wol suver wer âlderwetsk los en de maten út har wylde tiid kinne de eagen net fan har ôfhâlde. Mar dan bedjert har suster Akkelyn, lykas altyd, it feest. Mei dit tredde diel oer Elske, Ronny en Betty slút Hilda Talsma dizze searje op in tige meinimmende wize ôf. Har flotte en humoristyske styl en de fanselssprekkende natuerlikens fan de haadpersoanen sprekke in breed publyk oan. In spannend boek, dêr't in protte yn bart. Boeiend fan begjin oant ein. Earder skreau Hilda Talsma De twadde hûd, wêryn't Ronny en Elske inoar nei jierren wer treffe. Yn Flammen stiet har houliksfeest sintraal. En yn dit tredde diel komme de ferskillende linen byinoar.

Productinformatie

Auteur
Hilda Talsma
Uitgever
Elikser B.V. Uitgeverij
Taal
Westerlauwers Fries
ISBN
9789089545381
Productsoort
Boek
Uitvoering
Paperback
Categorie
BoekenWesterlauwers Friese boekenLiteratuur & RomansRomansStreekroman
Leeftijd
Volwassenen
Verschijningsdatum
9/13/2013
Formaat
210 x 145 x 19 mm
Lees meer...

Bestsellers

Bekijk alles We hebben de meest populaire boeken van dit moment voor jou op een rij gezet. Boeken uit de Top 100 worden gratis thuisbezorgd.

Laatst bekeken