• NextPrevious

Sulver en minsken

Bekijk alles van

Joseph Conrad

Kies uitvoering
Aantal
29.5
Overmorgen in huis

Samenvatting

Samenvatting
'Der is gjin frede en gjin rêst bij de ûntjouwing fan saaklike belangen. Dy ha har eigen wet en rjucht. Mar it is baseard op wat it bêste útkomt en is ûnminsklik. It is net rjuchtskepen, hat net dy tiidloasheid en dy kracht dy't men inkeld fine kin yn in moreel begjinsel.' Dat sitaat soe men mei rjucht it tema neame kinne fan dit boek Sulver en minsken (1904). De belangrykste 'persoan' soe men de sulvermyn neame kinne dêr't alles om draait. It is likernôch 1885. Yn it fiktive Súd-Amerikaanse lân Costaguana erft Charles Gould fan syn heit, ryk keapman dêre, foar ivich in rike mar fertutearzge en net mear aktive sulvermyn, syn heit optwongen troch in korrupt bestjoer dat him lykwols wol twingt om in deel fan de 'winst' ôf te dragen. De idealistise Charles hopet mei in goed wurkjende myn de korrupsje en wetteloasheid, sa typearend foar al dy Súd-Amerikaanse lannen, bestride te kinnen: 'ik festigje myn hoop op saaklike belangen. Lit de saaklike belangen earst mar ris de fuotten stevich ûnder it gat krije, dan kin it net oars of se lizze de omstandichheden op wêrûnder dy allinnich mar bestean bliuwe kinne. Op dy manier wurdt jo jildfertsjinjen hjir rjuchtfeardige tsjinoer wetteloasheid en gaos. (...) Dat is dyn strieltsje hoop.' Hij kriget jildlike stipe út Amearika en tagelyk wurde mei Ingels kapitaal spoarwegen oanlein. Charles syn myn begjint rynsk te floeien mei sulver. En dat is tagelyk in nij probleem: dat sulver driicht in doel op himsels te wurden en wekket ek de habsucht op fan in korrupte regearingsklyk. It wurdt in symboal fan in stribjen nei rykdom, macht en ynfloed: it symboal fan de oerwinning op de simpele minsklikheid, ferpersoanlike yn foaral de frou fan Charles Gould, Emilia. Mei in bûnt ferskaat fan fassinearende persoanen skildert Conrad de ynfloed fan it sulver op har dwaan en har idealen: kinne sij minsken bliuwe dy't har idealen bewarje en it sulver net ta in doel op himsels wurde litte? Mei dit boek hat Conrad yn prachtich Ingels in ûnferjitlik masterwurk skreaun oer de striid tusken saaklike belangen en morele begjinsels. In boek dat ek krekt hjoed-de-dei noch neat fan syn aktualiteit ferlern hat.
Lees meer...

Productinformatie

Auteur
Joseph Conrad
Uitgever
Elikser B.V. Uitgeverij
Taal
Westerlauwers Fries
ISBN
9789463651448
Productsoort
Boek
Uitvoering
Paperback
Categorie
BoekenWesterlauwers Friese boekenLiteratuur & RomansLiteratuurVertaalde literatuur
Leeftijd
Volwassenen
Verschijningsdatum
5/31/2019
Aantal pagina's
391
Formaat
250 x 165 x 24 mm
Lees meer...

Bestsellers

Bekijk alles We hebben de meest populaire boeken van dit moment voor jou op een rij gezet. Boeken uit de Top 100 worden gratis thuisbezorgd.

Laatst bekeken