Wat in koffer seit

Bekijk alles van

Ilse Weber

Kies uitvoering
Aantal
12.5
Overmorgen in huis

Samenvatting

Samenvatting
k bin in lytse koffer út Frankfurt am Main en ik sykje myn baas, wêr is er toch tein? As de muorren prate koene, de muorren fan Theresienstadt... Mar muorren hâlde har net ivich en altyd stil. Tanksij Ilse Weber (1903-1944) witte wy wat se sein hawwe, sy hat de muorren harren ferhaal dwaan litten. Ilse liet as dichter sels in koffer prate, like ûnwennich fan minsken as elkenien yn in roetswarte oarloch. Ilse Weber, dy't as nachtsuster yn it bernesikehûs yn Theresienstadt altyd in sniewite skelk droech, waard in lytse stjer, sûnder it te witten of op stjerredom út te wêzen. Ljocht of tsjuster: dichters hawwe oeral wurden. Want it swijen hie it alderlêste west. Ilse Weber wie in Joadske frou fan Dútsk-Tsjechyske ôfkomst. Sy skreau berneboeken, harkspullen en prachtige gedichten. De Dútsktalige gedichten dy't se yn it geheim skreau yn it modelgetto Theresienstadt, wiene foar in protte finzenen in beaken fan hoop. Yn de ynlieding fan de bondel sketst Inez Timmer yn it koart it libbensferhaal fan dizze bysûndere frou en hoe't har gedichten op wûnderbaarlike wize de oarloch oerlibben. De bondel is twatalich, Dútsk en Frysk en is oersetten troch Eppie Dam. Eppie Dam (1953) is dichter, berneboekeskriuwer en oersetter. Syn wurk hat altyd engazjearre west, sa't û.m. bliken docht út tal fan liturgyen en kantates en sette ek al earder lieten foar Timmer oer, ûnder oaren it ferneamde 'Lili Marleen'. Teaterfoarstelling: Wat in koffer seit is ta stân kommen nei oanlieding fan it teaterprogram 'Holocaust-Hollywood, de kinderen van Ilse Weber' fan en troch Inez Timmer en Tseard Nauta. De foarstelling soe oarspronklik op 4 april 2020 yn Ljouwert yn premjêre gien wêze mar is troch de omstannichheden mei it koroanafirus earst in jier útsteld. De teaterdokumintêre fan Inez Timmer fertelt op ynkringende wize oer it libben fan skriuwster Ilse Weber en de bern yn har libben. De gedichten dy't se yn it geheim skreau yn Theresienstadt ha op wûnderbaarlike wize oarloch oerlibbe. Se foarmje 75 jier letter de basis foar dizze yndrukwekkende, meartalige muzikale teaterfoarstelling mei Inez Timmer en Tseard Nauta. 'Holocaust-Hollywood, de kinderen van Ilse Weber', in foarstelling om noait mear te ferjitten, tsjin it ferjitten. Mear ynformaasje en spyldata, sjoch: www.theaterineziatief.nl

Productinformatie

Auteur
Ilse Weber
Uitgever
Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Taal
Meerdere talen
ISBN
9789493159334
Productsoort
Boek
Uitvoering
Paperback
Categorie
BoekenMeerdere talen boekenLiteratuur & RomansPoëziePoëzie
Leeftijd
Volwassenen
Verschijningsdatum
5/11/2020
Aantal pagina's
64
Formaat
210 x 145 x 6 mm
Lees meer...

Bestsellers

Bekijk alles We hebben de meest populaire boeken van dit moment voor jou op een rij gezet. Boeken uit de Top 100 worden gratis thuisbezorgd.

Laatst bekeken