De oarloch fan Jan Snip
De oarloch fan Jan Snip
De oarloch fan Jan Snip
De oarloch fan Jan Snip

Yn De oarloch fan Jan Snip fertelt Ferdinand de Jong it ferhaal fan syn pake Jan, beppe Saakje en harren húshâlding. Yn de Twadde Wrâldoarloch bebuorkje sy achter yn it lân in komelkersspultsje, oan de igge fan it Nannewiid by de doarpen Sint Jânsgea en Rotsterhaule. Yn de rin fan de oarloch bedarret Jan stadichwei djipper yn it ferset, mei alle gefaar dat soks mei him meibringt. In portret fan in eigensinnich man, in hurde wurker dy’t die wat er tocht dat dien wurde moast. Ferdinand de Jong (1969) is berne yn Oranjewâld en grutbrocht op in buorkerij mei Frysk reabûnt fee. Hy debutearre yn 2010 mei Guozzeflecht en hat sûnt dy tiid sân romans skreaun. Foar It dak fan de wrâld krige er yn 2012 de Rink van der Veldepriis.

0 | 0

  • : 9789056159931
  • : Fries
  • : Paperback
  • : 112
  • : november 2022
  • : 205
  • : 212 x 140 x 13 mm.
  • : Fries; Tweede Wereldoorlog fictie