It libben en de opfettingen fan de hear Tristram Shandy
It libben en de opfettingen fan de hear Tristram Shandy
It libben en de opfettingen fan de hear Tristram Shandy
It libben en de opfettingen fan de hear Tristram Shandy
34.95

Op werkdagen voor 16.00 uur besteld, volgende dag in huis

The Life and Opinions of Tristram Shandy, Gentleman, koartwei Tristram Shandy, fan Laurence Sterne (1713-1768), ferskynde yn njoggen frij koarte delen, twa yn 1759 en de rest ferspraat oer de sân folgjende jierren. It boek is neffens de namme in biografy fan Tristram Shandy, mar is yn werklikheid ien opienfolging fan sydpaden, omballingen en oare healwizichheden, dy’t it boek ta miskien wol de aldernuverste roman yn de wrâldliteratuer meitsje. Der is wol ris oer opmurken dat it in post-moderne roman is – en dat yn de jierren ’60 fan de 18de iuw! De grap is dus dat it ferhaal fan it libben fan de held net rjuchtút-rjuchtoan ferteld wurdt – troch al dy sydpaden en omballingen foar en nei wurdt de geboarte fan de held pas yn deel III beskreaun. Elk ûnderwerp jout oanlieding ta in sydpaad en alle soarten fan fierdere omballingen: sa beteart it bij it oansetten fan it bern Tristram daalk al net helendal goed, omdat op it beslissend momint de takomstige mem freget oft de heit de klok wol opwûn hie; we lêze letter in hele katalogus fan beledigingen en wiidweidige ferflokkingen; de ynfloed fan nammen op persoanen wurdt ús út de doeken teard, lykas ek wat de foarm fan in noas ús seit oer de besitter dêrfan; de froedfroupraktyk komt oan de oarder; ek de oarlochs- en belegeringskunde dy’t syn omke Toby sa folslein yn de besnijing krije (wylst dy omke sels wol de meast sachtmoedige en aardichste fan alle romanfigueren is); de filosofy; de besnijenis per ûngelok troch in tichtklappend kezyn as Tristram syn bernefaam him nei bûten pisje lit; en de ferkearde nammejouwing, ek per ûngelok; de frijerij fan omke Toby om de widdo Wadman, dy’t har ôffreget oft omke Toby wol in man útmeitsje kin, want se wol earst witte wêr’t dy no krekt yn de ljisk ferwûne is (yn de buert fan Namen, bij de belegering dêrfan, seit omke Toby – sij bedoelt wêr no krekt yn de ljisk); en it neispyljen fan belegeringen fan forten yn it achtertúntsje fan omke Toby mei syn korporaal Trim. En noch folle mear. Laurence Sterne wie in Anglikaanse dominy yn it noarden fan Ingelân, en o sa belêzen – en it tsjinoerstelde fan inkeld in earnstich man. Omdat er oan tbc lijde is er net âld wurden. Shandy is in noardlik dialektwurd en betsjut soks as ‘pitertuerlik’ of ‘healwiis’.

0 | 0